Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winst en ferlies

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Hy wie lang poer oer syn protest
en woe net mear foar Ljouwert farre,
dat al yn syn earste jier,
mar Ulbes* tsjinsin hat no west,
der sille grutte dingen barre.

Image

Dêr sylt er skraal nei aak en wâl,
dy bakboardsslach sil goed beteare:
fier foarop de Tynje yn,
gjin reade flagge, bist no mâl…
de wylde liuw is net te kearen.

Image

Wâldsein wurdt keard troch ’t Hearrenfean,
dy manlju kinne daliks lûke
oan de wite mei protest
fanwege al dy wiete klean,
wat kaam troch ûnder ’t seil troch dûke.

Image

* Ulbe Zwaga

admin

Ymport fan lapkes

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Image

De SKS giet oer de grins,
want seildoek is net mear te krijen
sa’t it west hat, neffens skippers winsk,
mei holle tugen is it lijen.

Yn Ingelân wurdt noch wol weefd
mei goed katoen foar ’t skrale silen
sa’t it west hat mei fol túch of reefd,
it holle seil hat it ferspile.

De SKS wol goede rie,
is mei ien lapke net oertsjûge,
TNO út Delft sil teste, wie
al earder foar advys útnoege.

Yn Fryslân sjogge skippers nei
de beam oft dêr ek katten sitte,
want it nije túch fan hjoed de dei
kin raar it skûtsje hingje litte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum