Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brek yn it sânglês

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Image

Mei de hannen witte se gjin rie,
dy iene hat se by de rûtekaart
en Eldert*  foar de holle,
mar se hawwe by panyk gjin baat
en achterom sjen jout net folle.

Fjouwer skippers wiene yn de war,
se makken nei de start in misse kar.

Jelle** hie dêr gjin begrutsjen mei:
de skippers moasten sels nei ’t moarnsbesprek
oer start en sânglêsrûte,
oars ûntstie yn ’t glês in rare brek
en die de skipper letter boete.

Douwe*** briek lykwols de Lemster wet,
hy helle yn en is nei seis ta set.

Lemsters binne daliks út ‘e rie,
se sjogge op ‘e kaart en yn it waar
en brûke hân en mûle;
Jelle smookt nei ôfrin in sigaar,
no kalm, mar yn de striid in fûle.

Image

* Eldert Meeter op De Fluezen
** Jelle Reyenga
*** Douwe Visser

admin

Driuwnocht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

It wie wer waarm, net lykas sneon
doe’t Douwe* hjit wie oer ’t protest
dat him de sege koste;
hy waard nei hegerop ta dreaun,
omdat ferlies him mar min paste.

Image

Mar op Wâldsein is ’t koeltsje draaid,
de hannen kinne yninoar
fanwege Douwes sege;
gjin heech berop, wa’t no noch kleit,
bedarret grif op gleone wegen.

Sa net de fammen op ‘e bûk,
dy hâlde har oan driuwnocht fêst,
gjin sin oan gleone dekken;
se farre sûnder ’t brune doek
en winne dochs in reade nekke.

Image

* Douwe Visser

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum