Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lâningsbaan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It koe net better sa’t er lei,
in lâningsbaan dy’t lang en breed
elk fleanend objekt heinde dat yn need
op grûn fan feiligens ferkeas de wei.

Image

Oant op in dei, it wie al jûn,
de loft berûn en ’t reinde klaai;
de lâningsbaan siet lang en breed dermei,
wie ek oan ’t heinen fan de delslach bûn.

Image

Der kaam in boerd omdat er fûn,
gjin objekt hie syn slinger mei
de modder op ‘e lange, brede wei,
want dronken draaide elk oars yn it rûn.

Image

Dy nacht fleach mei in rare swaai
in objekt del yn hege need;
der wie gjin heinen oan, in baan as reed
wie ta de dea sa’t hy derhinne lei.

admin

Enerzjike boer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Fiif oere moarns is hy derôf
wannear’t de nacht yn ’t neigean is
en kij wer op ‘e poaten komme;
fee en boer, sy binne trou,
fan plak en oere wis.

Image

De dei is foar it oare part
fan syn natoer, ferbining mei
de wyn en sinne yn it romme
fjild of triedden read en swart,
syn enerzjike wei.

Image

En middeis komt er der wer ôf
op grûn fan erflik syn natoer
dat net in oere him ûntkomme
sil, de trie wurdt dan in tou,
de technikus wer boer.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum