Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dopingkontrôle

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

Image

De skûtsjes ha in eigen liif
lykas de skepper ’t wollen hat:
natuerlik, net te slop en net te stiif,
krekt sa’t it wêze moat.

Mar dochs, it is fansels de keunst
om flugger as in oar te gean,
want wa’t de wedstriid wint, dy krijt de geunst,
it liif moat yn de klean.

De klean gean tsjin de skepping yn
en dogge ôfbrek oan it liif,
de faasjegoarre makket dôf en blyn,
de sport stiet yn de kiif.

Sa moat kontrôle lykwicht jaan,
wol faasje, mar gjin skûtsjedoop,
’t is mei in linich liif grif wol te dwaan,
gjin skip giet op ‘e loop.

admin

Kampioenstút

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Se hiene it noch wurde kind,
De Lemmer of De Jouwer of It Fean,
de Fryske kampioen,
se hiene as de bêste fearn,
mar wa’t noch better is, dy wint.

Image

It hie it ek noch wurde kind,
it Grouster skûtsje yn in turbotrim,
de nasjonale kampioen,
dy oare skipper wie te slim,
want wa’t noch better is, dy wint.

Image

Hy waard it, dêrmei wie it út,
de Snitser Pan yn foarm mei turbogong,
de ynternasjonale kampioen,
de superskipper wie noch jong,
kriich dus fan Erica in tút.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum