Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Prinses fan ’t Noard

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se hiene striden foar har keninkryk,
it âlde dêr’t se jierrenlang al wennen,
yn beskate eagen in ferfallen wyk,
in streek dertroch mei reade pinne,
mar sy wiene keningen te ryk.

Ik kaam dy moarns tafallich by it gat
dêr’t earst de keningen fan ’t Noard regearden,
seach oranje, tocht oan in ferburgen skat
dy’t ik net foar mysels begearde,
mar as fingerwizing fan it lot.

’t Oranje wiisde my de wei oer ’t gers
en ‘k fielde my ferbûn mei it ferline,
tagelyk fernaam ik keningen ha west,
lit no fernijde kleuren skine,
doe stie ‘k  each yn each mei de prinses.

Image

admin

Meanende muontsen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik fiel de frijheid fan de fierte,
tink hjir bin ik bern oan hûs
en kin it frijút fleane litte
lykas Niels fier op syn goes.

Hy hoecht de fierte net te mjitten,
sjocht it doarp yn boartersljocht
en mei de namme Tirns ferjitte
as syn goes mar fierder fljocht.

Hoe kin ik frijút fierder fleane
as de swierte oan my skuort
fan muontsen dy’t noch altyd meane
Thabors gers en sûnden fuort?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum