Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pest

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Wie ien en al beweech,
it fûgelwrâldsje yn panyk,
want frjemden krongen yn har ryk
en dêrom waard it libben dreech.

De markol rôp fan: mar
dit jout ús wrâld in frjemde draai,
de ein fûn hjir de ein fan wei,
dat elkenien wie it te bar.

Se setten doe de oanfal yn
mei wylde lûden fol fan haat,
har kamp smiet frjemden fan de kaart,
sloech alle koarsang yn de wyn.

Mar ’t hie ferbylding west,
it fûle striden wie wiswier
tsjin resten fan it smoarchste dier,
dy hiene harren wrâld ferpest.

Image

admin

Streamend bloed

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De loft sil ’t fan ‘e moarn ferhelje
dat it libben streamt troch bloed
ek by deminten fan it lân
dy’t oan de stedsein likegoed
bestean fan bleate foet oant hân,
mar oft se hjoed de jûn wol helje?

Image

De flagge hat ek wat te sizzen
dy’t de dei troch hinget bleat
foar waar en wyn en likegoed
foar peal: ‘Se falle ûnder ’t read
fan megasoarch foar ’t streamend bloed,
beweging om mar net te lizzen.’

Image

En as de wintermiddei lizzen
giet, dan wapperet boppe ’t lân
de blauwe flagge fan de jûn:
wy hawwe hjoed de âlde hân,
de sinne hat de kym al fûn,
ûnthjit in nije dei nei dizze.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum