Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Febrewaris

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie as woe de moarntiid fiere
dat de moanne fjouwer wiken hie,
want sa’t de flagge tsjin it blauwe stie,
wie ferlike mei it skiere
winterwaar in iepenbiering.

Image

It lânskip wie al in fersiering
fan in febrewaris tusken âld
en jong, teiwaar nei wat doe like kâld,
ynstruminten foar in fiering
fan wat wie nei yn ferwachting.

Image

Se hawwe hûndertfâldich flagge
by it pleatslik bernedeiferbliuw
foar kreaze swarte skiep mei lammedriuw,
dat goed ûnderdak is slagge
mei in brassband om te fieren.

Image

admin

Moarnsrea yn de oanfal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It moarnsrea hie de grille foarm
fan ’t meunster mei bestimming stêd,
’t foarsei it kaam op wetter del
en yn it glês in swiere stoarm.

Image

De measten leine noch op bêd,
in inkeling waard panysk kjel
fan krokodillen yn de sleat
en fleach as wekker troch de stêd.

De moarnske eagen skode ’t fel
foarwei, se seagen ’t gie ferkeard,
omdat it oant de lippen stie,
sadwaande kaam ’t op sjitten del.

Image

It moarnsrea hat de stedsjer leard
dat goede rie komt foar de die:
is moarns de loft as fjoer sa read,
komt jûns it wetter yn de sleat.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum