Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De atelierboat

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Sa’t wetter spegelet bosk en boat,
sa spegelet dizze boat de mienskip
fan Frânsen yn de skildersfloat
dy’t koersten op ympresjes.

It wie Monet syn atelier,
ûntwurpen troch freon Caillebotte,
’t waard al gau it ynspiraasjestee
fan skilders mei ympresjes.

Monet, Manet en ek Renoir
trochlibben op dit stielen kasko
yn de houten roef by alle waar
de djipte fan ympresjes.

Image

As spegels heinden se it oard
mei om har hinne kleare kleuren,
loeken spoaren – baren fan de boat –
op doeken, har ekspresje.

Gjin spegel heint de Wâldfeart op
as inkeld it prozaysk tastel;
blau stiet as ympresje oan de top,
wêr bliuwt no de ekspresje?

Image

* In skilderij fan Claude Monet (1840-1926) hat
de oanlieding west ta de term ‘Ympresjonisme’.
Dy namme wie earst in skeldwurd, mar waard letter
de oantsjutting fan in streaming yn de Frânske
skilderkeunst.

admin

Wite Peaske

Keunst
PDF Print E-mail
Dêr stiet er bleat mei toarnekroan
en oer de skouders ’t keningskleed;
it folk herkent gjin Davidssoan,
mar âlet wreed
syn deadewins;
Pilatus wiist:
‘Sjedêr de mins!’

Image
*

Dêr rint er noch mei toarnekroan
en op it skouder leit it krús;
it folk slacht mei syn skerpe toan
syn lea oan grús
noch foar de dea
op Golgota:
der mar op ta!

Image
**

Wêr is er bleaun? Hy wie dochs stoarn!
Mar op it grêflid falt it kleed
dat wyt is fan de iere moarn;
foar har in weet:
‘Lit los dy tins
fan dea yn ’t rûn,
sjedêr de mins!’

Image
***

Dêr rin ik yn de iere moarn
en sjoch de ierde yn it wite kleed,
de tûken foarmje hjoed de kroan
fan nei de freed
de nije mins;
dêr stean ik dan
mei iepen lins:

Image

* ‘Kristus foar it folk’ (sirka 1450)
fan in anonime skilder
** ‘It dragen fan it krús’
fan Jeroen Bosch (sirka 1540-1516)
*** ‘De frouwen by it grêf’
fan Hubert van Eyck (sirka 1380-1426)
en Jan van Eyck (sirka 1390-1441)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum