Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It is gjin kwestje fan sterk iis
dat eartiids macht oer skippen hie
en mei de snie yn strang berie
it libben makke ta in griis.

Image

No is de loft allinnich griis
en weaget wetter om de romp,
it skûtsje as in lege klomp
of lamme swan is wol sa wiis.

Image

Wiis wie ’t om wjukken los te slaan,
derôf te lûken ek de sturt,
de kop hat winters ek gjin nut,
mar dan soe ’t skip him wol bejaan.

Image

In griis soe ’t wêze foar de swan
om ’t selde by dit dier te dwaan,
hy moat him yn syn wrâld ûntjaan,
it jier troch nimt er it derfan.

Image

De fiver hâldt him lykwols fêst,
wylst skippers sjitte op de tros
en skûtsjes fleane brûzjend los,
de romte op foldocht it bêst.

admin

Twa wrâlden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Men koe it út ‘e fierte amper sjen
wat lei te wachtsjen oan de promenade,
tichterby ferriisden inkeld bylden,
want mei imitaasje gie gjinien ferlern
by Noachs arke noch op rûte oan de kade.

De arke dreau, de rûte gie oer iis,
twa wrâlden dy’t elkoar snein efkes rekken,
beide fol fan dramatyk yn bylden,
kleurich op ‘e rûte, om de arke griis,
strang skieden troch in lange rige reade stekken.

Image

Wa wit hat klonken dizze snein de bea
dat werklikheid ferfangt de imitaasje
op ‘e rûte fan de alve stêden,
dat lykwols de arke-imitaasje nea
op hege weagen skommelet, Leave Hear, ha graasje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum