Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Plommemêst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Beide kamen se de winter troch,
de reidplom en de mêst,
de iene skraal, de oare glânzge noch
en hie fan stoarm en rein gjin lêst.

Image

Beide seagen nei de maitiid út
en fierden dy al fêst,
de plom beweegde foar in glêde tút
en hong as flagge yn de mêst.

De mêst seach dat lytsachtsjend oan,
mar koe der net foarwei,
stie alle dagen stokstiif as de troan
foar ’t Fryske tindoek simmerdeis.

De reidplom kriich in earbetoan
fan wolken as in swan,
om’t hy fleksibel wie as âlde kroan
en ’t mei de mêst besocht as span.

Image

 

admin

Nei de winter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy leit ferware oan de wâl
en hat syn part wol hân
fan stoarm en floed de winter troch,
dochs hold er moedich stân,
wol skean, mar sjoch, hy libbet noch.

De sinne stekt him op it blau,
de kleur dêr’t hy foar giet,
as swalker ûnder seil en fok
sjongt hy syn silersliet,
wol skean, mar dat is syn gelok.

Hy leit te blinken oan de kaai
en hat syn lûken ticht
foar stoarm en floed de winter troch,
it showen is syn plicht,
rjochtop, en fierder is ’t omdoch.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum