Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dakingel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie yn de betide moarn
doe’t út ‘e hege himel wei
de kleur dy’t har it bêste lei
klear kundige har kommen oan.

In ingel hie se opdracht jûn,
sa’t moeke koe, rjochtút en fel,
te tekenjen foar har hotel,
mar wol oan de tradysje bûn.

Sa kaam ’t ûntwerp op ierde del
en Snitsers fûnen: ’t is al klear,
oan moeke Jikke by de Hear
komt ta in himelsk moaie yell:

‘Us moeke past yn ’t shantykoar,
se sjongt earst bas en klear is Kees,
se bliuwt as kelner yn de race
en as it knypt, sjongt se tenoar.’

Mar moeke Jikke wie net bliid,
de bou gie stadich, wie te flak,
dus kaam in ingel op it dak,
de pannen leine doe op tiid.

Image

admin

Idoal

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It swarte koe de moarn net keare,
strielen skampten oer it wite gea,
de kjeld soe har net langer deare,
want fannacht wie sy al dea.

Image

Sy hie it bêd links lizze litten
dat ûnwrikber klear lei yn it iis,
woe net fan langer lijen witte,
want de nacht wie har in griis.

Image

De maatskippij woe har net rêde:
mei in cocktail wurde ta in lyk;
doe socht se it op oare mêden,
nei de sleatswâl kaam de dyk.

Image

De froast loek ’t deadskleed oer de fearren,
strielen soargen foar de aureoal;
omdat sy moedich operearre,
seach de moarn har as idoal.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum