Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In wittenskiplik túch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image
Foto Friesland Post

Ut wittenskiplik ûndersyk
hat bliken dien: katoen hat west,
konklúzje: dakron op ‘e gyk.

De SKS woe ’t earst net oan,
tradysje moast de foarkar ha:
katoen fan doe oer hjoed nei moarn.

Europa hie genôch katoen,
oan hûndert mêsten wol in túch,
mar wurdt men dêrmei kampioen?

De fraach gie nei de wittenskip,
dy joech de lapkes fan katoen,
gjin lape paste op it skip.

Al gau wie it ferbân derút,
te lang it seil, te koart de gyk,
de fok in dweil by einbeslút.

Yn ’t wittenskiplik ûndersyk
kaam dakron der it bêste út,
tradysje krige net gelyk.

 

admin

Skûtsjemotor

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

’t Is net om de Philips-technyk,
de apparaten yn it ljocht
fan jou no ris de gouden tip
foar skûtsje of fabryk,
mar Piter* wol in motor yn it skip.

Image

’t Is net omdat it skûtsje lei
lam op De Lemmer op ien ear,
de Heale Moanne yn in dip,
fertsjustere dy dei,
mar Piter wol in motor yn it skip.

’t Is foar de ploechjesilerij
fan Drachten nei de Snitser mar,
yn ’t drokke far faak op ‘e wip,
it skûtsje fûgelfrij,
mar Piter krijt gjin motor yn it skip.

* Piter Brouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum