Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Peaskemoandei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De wrâld lei op ‘e iere moarn foar dea,
yn wite doeken noch bewuolle,
doe’t myn stap it paad wer socht
nei wêr’t memento swalke troch dat gea
om plak te finen yn myn holle.
Yn alle sellen krong it troch,
ik seach, dat gea besloech de hiele wrâld
en wist net wêr’t de stap my brocht,
mar wat wol wis wie, ‘k libbe noch.
Ynienen briek de loft troch dizich ljocht,
omdat sels Mozes syn gesicht net seach,
syn stal wie Ien yn ’t mannichfâld,
dus fierste folle foar in minsklik each.

Image

Twa ingels, roazen yn dat Iene hôf
mei titels dy’t der wêze mochten,
wjukken rûzjend fan de ierde wei
en sjongend ’t Iene ljocht ta lof.
Ik seach it oan wylst yn myn holle fochten
memento mei wat foar my lei:
de ierde briek, it libben kaam út stof,
dêr wie de nije dei.

Image

admin

Neiwinterdream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De winterdreamen rûnen nei de ein,
mar ien hold oan, ferdreau de rêst
en wuolle my yn in petear
fan twa gesichten, dik belein
mei wol, foar harren bêst
genôch as winterpear.

Image

De jongste, rimpen, rûch yn burd en hier,
woe nei de takomst ride, want
dêr lei it Fryske keunstiis klear,
de âldste woe oars oan de swier,
yn tiid werom, de kant
út fan de ommekear.

Image

In houtsje hjir, in klapreed dêr, sa ried
ik nei de wetterpoarte ta
op keunstiis fan de âlde tocht
mei twa gesichten, mar doe liet
it siedplús los en ‘k ha
de redens boppe brocht.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum