Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Psalm fan Habakuk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Ik, Habakuk, ha ’t boadskip heard
en sjoen de wurken fan de Heare,
it folk smeekt om barmhertichheid,
ik freegje: meitsje ’t wier foardat it stjert,
de grime kin gjin minske keare.

Gods wierheid komt fan boppen,
glânzjend yn de iere moarn,
syn gloarje rint de himel oer,
komt del op berch- en heuveltoppen,
mar om Him hinne is it fjoer
fan gleone koarts en hjitte pest…
is God syn grime tsjin rivieren
of hat de see it kweabist west
dat eangst fljocht hiel de ierde oan?
De sinne stekt de strielen heech
en wjukket mei de moanne fuort…
God is op goddeleazen poer
en leit sabeare helden leech,
mar ’t eigen folk helpt Hy oerein,
it ûnheil is foargoed ferskuord.

Ik, Habakuk, ha ’t boadskip heard
en sjoen de wurken fan de Heare,
ik jubelje om syn belied,
as fan in ree sa linich is myn trêd,
mei dizze psalm wurdt God heech eare.

* Ikoan ‘Profeet Habakuk’

 

admin

Klacht en antwurd

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Habakuk:
Ik kin it net begripe
dat God in skurkenaasje brûkt
om folken wreed te straffen:
fisken dy’t er yn syn netten lûkt…
in moardners-offer foar de stipe.

God:
Ik sil it iepenbierje:
skuort de skurk de folken nei him ta,
sêd sil er grif net wurde;
naasjes kinne him mei wurden ha,
dus sil it wee de moardner wierje.

Wee him dy’t ynklaut foar syn eigen nocht.
Wee him dy’t rôvet foar syn stêdebou.
Wee him dy’t misbrûk makket fan syn macht.
Wee him dy’t dronken boarnt om bleat te sjen.
Wee him dy’t foar syn eigen bylden bûcht.

* Profeet Habakuk
op in relykskryn yn de Dom fan Keulen

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum