Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wrede weagen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

As de weagen op De Fluezen rize,
wit de skipper dat it spoekje kin,
it rûnhout kreakje, ’t seildoek slaan,
dan slacht it hert, it bloed wurdt tin,
de striid giet oan, hy sil ’t bewize.

Lit de liuw him oer de startstreek triuwe,
stjoert de skipper bliksemsfluch werom
om net de winstkâns fuort te jaan;
it wurdt him net, gjin feest yn ’t rom,
mar favoryt sil ’t bist wol bliuwe.

Image

As de weagen troch de waring rinne,
doek en skoaten stean ferskuorrend strak,
dan kin it lot it skûtsje slaan,
ynienen is de hertslach swak
en moat men fluch wat oars fersinne.

Image

admin

Achter rikke

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Wa’t achter sylt, hat minder kâns
om grut yn byld te kommen,
it skûtsje is yn ûnbalâns
en slacht net op ‘e tromme.

Sa slút de Swan fan Donia
as nijeling de rige,
dat skûtsje moat rûtine ha,
dan sil ’t der net om lige.

Image

It Drachtster skûtsje fynt hâldfêst
oan ’t stokje foar it peilen,
wa’t rikt foar ’t fierste, wurdt net lêst,
’t komt oan op lange neilen.

It lykwicht mei de hiele lea
hâldt hy op ’t wiet allinne,
rûtine is syn deistich brea,
hy lit de planke rinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum