Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Goadegong

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Is ’t in wûnder dat ús foarfaars
leauden yn de sinne as de god
fan ’t ljocht yn har ûnwis bestean?
De sirkelgong besleat oer ’t lot
fan harren gong of deastil stean.

Image

Alles wiisde nei de sinne,
rizend út ‘e dize fan de moarn
en ‘k leaude deastil yn de god
fan ’t wûnder dy’t, noch lang net stoarn,
fertelde fan syn draaiend lot.

Image

Efkes tocht ik dat in poarte
noege om yn ’t strieljen op te gean,
mar ’t donker fan it beamteguod
feroare ’t sicht om te ferstean
dat ‘k stie en fluitsjend rûn ik fuort.

admin

Traumatysk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik hie mei him te dwaan,
it hiele jier troch frette
op in pôle sûnder stâl;
wat koe ik him oars jaan
as efkes oan him roppe,
domme ezel, mar net mâl.

Image

Hy hie in hurde kop,
mar dy kaam wol nei boppen
sûnder poaten yn de skrep;
doe rûn er op myn rop,
in stadich stappen setten,
yn de genen noch dy mep.

Image

Hy koe gjin Bileam,
wist lykwols fan in swaaien,
wie ’t in stôk of dochs in swurd?
Ik wist ’t is Moabs stam
en woe him hoeden aaie,
seach hy swaaide mei syn sturt.

Image
Rembrandt

< Foarige Oare >

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum