Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sân- en wetterlibben

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

De iene ramp komt nei de oare:
mei Aldjier de liuw ûntfierd,
yn maaie túch en fleugel wiet,
it wie net dreech om sa te scoren.

It barde mei it ploechjesilen:
fyftjin amateurs oan board
om wyn en wetter oan te fielen
en blierren troch de fokkeskoat.

Se wiene fan it sânich libben*,
misten dus de fêstegrûn,
gjin wûnder dat it nuver rûn,
se ha noch nei de hichte stribbe.

De lichte wie it plak foar ’t swimmen
foar de liuw en amateur
om yn de Wide Ie te trimmen,
’t gie dûbelop, dus gjin geseur.

Image

* Bedriuw ‘Zandleven Coatings’

admin

Aldjiersjoker

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

Hy is wer fûn, hy is terjochte,
kampioen fan ’t âlde jier,
de liuw, wa hie dit sa betocht?
It dier wie stellen, wrachtich wier
en ’t hat net tsjin de dieven fochten.

It barde yn it neare tsjuster,
nachten foar de Aldjiersjûn
mei oanhingmotor, fiif pk,
de liuw hat ûnderweis neat wûn
en rekke ’t wetterpaad rap bjuster.

Hy kaam yn Aldegea terjochte
mei ferljochting, steande mêst,
as joker fan it âlde jier,
sels winterdeis kriich hy gjin rêst:
de reis werom hie hûndert bochten.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum