Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skyn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Beide binne sterk as stiel
en troch de ieuwen hinne mannen
dy’t kraaiend namen harren diel
fan ’t libben, grutske hoannen.

Image

Ien set op in hease kiel
om ’t fromme godsfolk op te roppen;
it hat oan ’t himelsk erfskip diel,
want alles komt fan boppen.

Troch de wike draait er rûn,
in pronktopstik op alle winen,
oan grûn noch grêf noch goaden bûn,
syn ropping is wjerskine.

Image

Ridderlik stiet hy symboal
foar hoofske leafde en fiktoarje,
net bang foar fijân en foar boal,
syn ropping… skyn ferdoarje.

admin

Nei kryst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, wy ha it hân
en oeral hat it wolkom klonken,
mar wer net yn ’t iepen fjild,
gjin ingel struide ’t heil oer ’t lân,
gjin hoeder hat dêr wonken.

Image

Wy ha wat foer op ’t pantsje dien
en ’t midden op ‘e hage setten,
want mei kryst lei der noch snie;
in ingel is derhinne gien
en hat fan ’t krystmiel fretten.

Image

Op earste krystdei ha ‘k har sjoen,
se stiene yn it fjild te klomjen
yn in ploechje op it grau,
de hoeders fan de kâlde grûn,
se woene har fermomje.

Image

Op twadde krystdei seach ik har,
in seistal wizen út it easten,
troch Herodus achter ’t gaas,
de eagen ljochten lijen, mar
it Bern koe har net treaste.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum