oktober 21, 2016
De dage sweeft oan út it easten, tekenet tusken kym en loft yn silhûet en wylst de himel nei it wetter set, feroarje wolken fluch yn bisten, mar de miuw beweecht him net. ’t Lemieren kleuret fel it westen, Mar dan, as klonken skeppingslûden, |
oktober 21, 2016
Juster rûn ik by de Snitser wetters lâns dy’t heger stiene as de lêste dagen nei de stoarm mei bakken rein, ik tocht oan Kopenhagen, miskien lei dêr in kâns. Stadich foer in giele boat de dize yn, Stobbewylgen stiene stiif by hurde wyn Dreamend echt, wat wâlet werklik, wat is skyn? |