Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dage

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De dage sweeft oan út it easten,
tekenet tusken kym en loft yn silhûet
en wylst de himel nei it wetter set,
feroarje wolken fluch yn bisten,
mar de miuw beweecht him net.

Image

’t Lemieren kleuret fel it westen,
want de sinne komt deroan, is ’t argumint,
en iepen skoot no elk appartemint
út tank foar dizze iere geste,
mar de miuw negeart de hint.

Image

Mar dan, as klonken skeppingslûden,
spriedt er breedút wjukken, wurdt it west of east?
Of loft of wetter, wat komt lêst, wat earst?
In dûk foar ’t fielen fan de goede
wei, de dage yn syn geast.

Image

admin

De lêste dagen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Juster rûn ik by de Snitser wetters lâns
dy’t heger stiene as de lêste dagen
nei de stoarm mei bakken rein,
ik tocht oan Kopenhagen,
miskien lei dêr in kâns.

Image

Stadich foer in giele boat de dize yn,
wylst miuwen boppe ’t skiere wetter kriesden
dat it rap rûn nei de ein
en neat op leger wiisde.

Image

Stobbewylgen stiene stiif by hurde wyn
en ien dêrfan hie ’t boadskip dêr’t ‘k fan griisde:
mei The Netherlands wie ’t sein,
berjocht út Kopenhagen.

Image

Dreamend echt, wat wâlet werklik, wat is skyn?
Ik rin by ’t wetter lâns de lêste dagen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum