Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Chavin de Huantar

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Heech yn de bergen stiet syn byld:
Lanzon, de haadgod fan Chavin,
milennia al lyn;
’t klimaat is op dy hichte bar,
mar hjoeddedei fynt men noch sin
yn Chavin de Huantar.

It plein wie foar ’t gewoane folk
dat opseach by de hege god,
fan bûten net te sjen;
it bûgde djip, der wie gjin kar,
Lanzon gie oer it libbenslot
yn Chavin de Huantar.

De hegerein mocht fierder gean,
yn ’t djipste fan it stiennen hol
dêr’t Lanzon rjochtop stie;
troch djippe yndruk yn de war
betelle elk de heechste tol
yn Chavin de Huantar.

Image
Foto’s út ‘Schatten van de Inca’s’ (Jeffrey Quilter)

* Timpelkompleks yn de bergen fan Peru

admin

Mongoalsk gelyk

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Zhao Mengfu Zhao*
fan Huang Gongwang**

Mongoalen holden net fan grinzen,
kamen mei har hynders nei it ryk
dat yn it suden lei;
de rûge macht wie har gelyk,
Sinezen waarden ûnderminsken.

Image

De keizer hold fan rappe dieren,
hynders fjouweren troch ’t hiele ryk
en sleepten wredens mei;
it byld bleau frij fan bloed en lyk,
wat deale, sjitte, gjin fersiering!

Ien skilder waard troch ûnrjocht finzen,
Huang Gongwang, ek pryster yn syn ryk
fan bergen, op ‘e wei
fan meditaasje, syn gelyk:
Sinezen wiene dochs ek minsken.

Image

* Zhao Mengfu Zhao, skilder ûnder
de Mongoalske Yuan-dynasty (1279-1368)

* Huang Gongwang, finzen skilder
ûnder de Yuan-dynasty

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum