Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nôtmjitte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Ik wist net wat ik kommen seach,
it ding wie rûn, it hie wat fan in pôt,
in ingel spriek it kleare wurd:
it wie de mjitte foar it nôt.

It leaden lid gie op en del,
sjedêr in frou, dy rekke ek wer wei,
de ingel spriek it kleare wurd:
it kwea moast wike foar de dei.

Ik seach twa froulju yn de flecht
as eiberts mei de mjitte tusken har,
de ingel spriek it kleare wurd:
it kwea gie sa nei Sineär**.

Image

* Yllustraasje ‘Twa froulju mei de nôtmjitte’ (Ted Larson)

** Babyloanië

admin

Fleanende boekrôle

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
de ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Image

Ik sloech de eagen op en seach
in rôle yn de loft, it wie in boek,
de ingel frege wat ik seach,
fan ’t antwurd makke hy gebrûk:

‘De rôle fljocht oer ’t hiele lân
as flok foar wa’t him keart tsjin Gods gebod,
de dief en swarder dy’t gjin each
ha foar de oar, slim is har lot;
de rôle kringt by har yn hûs,
dat beide witte fan it rjocht en kwea,
fertarre sille stien en hout,
se sjogge ’t oan en stean foar dea.’

* Yllustraasje ‘Fleanende boekrôle’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum