Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fredesbyld

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Nei alle fisioenen
riisde foar Sacharja op
in byld as nea tefoaren:
de wrâld kaam op ‘e kop.

Der rint in ezelinne,
nee, gjin hynder troch de stêd;
dat byld mei djippe spoaren
leit op in hiel oar mêd.

In foarst rydt troch de strjitten,
needrich, mar syn wei is rjocht
nei ’t doel om te feroarjen:
de frede foar wa’t focht.

Hy  sil de ierde sizze
wat de wiere frede is,
fan see oant see sil gloarje
syn sizzenskip foar wis.

Jûchhei, do Sions dochter,
dochter fan Jeruzalem,
rop út as nea tefoaren:
de frede komt fan Him!

Image

* Yllustraasje ‘De fredesfoarst’

admin

Himelweinen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

Ik stie fersteld oer wat ik seach:
der draafden hynders oer de hiele wrâld
yn kleuren swart, read, wyt en bûnt…
betsjutte ’t ûnheil of behâld?

Image

De ingel hold my yn de dream,
ik hie de weinen noch net sjoen…
wie ’t foar de striid of in berjocht?
Ik wist net hoe’t it fierder rûn.

De ingel holp my út ‘e dream:
de weinen rieden fjouwer kanten út,
nei ’t noarden, suden, east en west,
se namen machten mei as bút.

Ik stie fersteld oer dit berjocht:
de hynders loeken nei it Noarderlân**
de wein mei dêryn God syn Geast,
gjin macht ûntkaam sa oan syn hân.

* Yllustraasje ‘De fjouwer himelweinen’

** Babyloanië

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum