Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Meteowolk

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Wa kin better ’t waar foarsizze
as in basis foar de fljocht
nei heger sfearen?
Want piloaten fleane rjocht
op wolken ôf, it kin net misse.

Mar as kommandanten sizze
dat it út is mei ’t berjocht
foar skûtsjesilers,
fielt de skipper him bekocht,
hy wol de waarfrou* leafst net misse.

Draait it út op eskalaasje,
dan ferliest it skippersfolk
it fan de loftmacht,
dus ferdriuw de tongerwolk,
dan sylt de float wer wis… mei faasje.

Image

* Marijke Waalkens, eks-meteorologe
fan fleanbasis Ljouwert

admin

Memento mori

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy libbet, mar stiet stil en fêst
op ’t djippe woartelfûnemint
en spriedt syn earmen;
dit bestean foldocht him bêst,
hy sjocht op ûnder altyd del.

Hy harket nei gjin argumint
en moat it fan it foarbyld ha,
memento mori:
deaden reitsje út har fel,
mar dêr is hy noch net oan ta.

Image

De likefretter spuit raar guod,
teminsten dêr sjocht hy op del
mei sprate earmen
lykas woed er fleanend fuort,
dat keart lykwols syn fûnemint.

Want yn de fierte hingje dea
syn maten oan de galge, rêst
mar net yn frede;
sa’n bestean wurdt monumint:
memento mori yn dit gea.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum