Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Peter Syperda*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

Pake, beppe… tankewol,
jim ha jim skeamel miel fertsjinne
op in skûtsje ûnder seil,
ik spylje no de skippersrol
en sil foar jimme winne.

Hellingbaas is noch myn fak,
dat mannich skûtsje ha ik lutsen
op it droege foar in beurt,
fan warings oer de boech nei ’t flak,
mar amper reven stutsen.

‘Oeral thús’, sa fielt it krekt,
it grutste makket my beskieden,
want it kin net oeral troch,
ik wit ek dat it djipper stekt,
mar wa ken net syn dieden?

Skûtsjematen… tankewol,
ik bin no freon fan de kommisje:
alles nij, ek fok en seil,
jim binne foar de skipper gol,
ik sil ’t foar jimme risse.

* De nije skipper fan De Jouwer

admin

De tredde

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

De skipper hie in eigen skip
en trije soannen mei oan board,
dy’t learden troch de eagen,
want de heit joech nea in tip,
mei hert foar silen waard wol scored.

Op Starum sylde hy foar ’t lêst,
omdat it hert yn staking gie
en nea wer sloech foar ’t silen;
trije soannen, yn berie,
dy stelden de posysjes fêst.

Elk trettjin jier as skipper oan
it roer, sa gie de hertslach troch;
nei seisentweintich jierren
wie de tredde der doe noch,
yn ’t skippersfak folslein bedoarn.

It bloed fleach yn de ieren om
lykas yn ’t hiele skipperslaach
fan heit mei trije soannen;
mei in koeltsje en in flaach
gie Ypie* trije kear foar rom.

Image

* Ypie van der Meulen

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum