Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boycot

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

As in skûtsje net mear rint,
dan moat der aksje komme,
mar foar’t yntern de striid begjint,
lit elk slaan op syn eigen tromme.

Skipper Meindert* soe net slaan
fanwege aksje ‘swije’,
dus koed er rie noch tsjinwyn jaan;
woe Starum sa syn skipper mije?

’t Lytste skûtsje fan de float
soe foar in grutter wike;
moast Meindert tagelyk fan board
sa’t yn de media wol like?

’t Skippersfolk wie solidêr
en hat it ekstern spile:
‘In boycot fan ús allegear,
by Starum sille wy net sile.’

* Meindert de Groot

admin

Heale mêst

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

It rûzet de provinsje oer:
de mêst fan Snits moat koarter,
mar ynkoartsjen is in poepetoer,
’t foarútsicht wurdt sa swarter.

De skûtsjes hongen foar in proef,
ien skeaner as de oare,
mar it wetter mocht net yn de roef,
elk skip kriich sa in score.

Guon piipster skûtsjes, rûn fan foarm,
ha net de proefnoarm helle,
op sân skippen klonk reëel alarm,
mar ek it lûd fan skellen.

De SKS bûn daliks yn,
want mei de helte sile,
like op it byld fan lang ferlyn,
doe’t noch gjin proefnoarm spile.

It byld giet de provinsje oer:
Snits hat allinnich ûnder
holden, mar mei Douwe* oan it roer
rint hjoed de Pan foar wûnder.

Image
Foto: Friesland Post juli 2000

* Douwe Visser

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum