Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Peal foar Mordekai

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Haman wie nei ’t gastmiel yn de wolken
oer syn kommen by de keningin,
mar Mordekai bedoar syn sin,
syn rêch bleau rjocht lykas in balke.

Thús liet Haman frou en freonen komme,
snijde op hoe ryk oft er wol wie,
dat hy by ’t wiif tsien soannen hie,
sa sloech hy op syn eigen tromme.

Lûder noch liet Haman ’t gastmiel hearre
dat er hie by ’t keninklike pear,
allinnich hy, in hiele ear,
soe dan dy Joad syn feest bedjerre?

Frou en freonen koene him wol riede,
want sa’n Joad bestraffe moast net heal,
dus stek him op in hege peal,
syn rêch soe fûgels ’t sitplak biede…

admin

Dûbele útnoeging

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giovanni Andrea Sirani*

Op ‘e tredde dei soe it dan barre:
Ester klaaide har as de foarstin,
har keninklike gong hie sin,
mar dochs hat sy harsels net sparre.

Image

Ahasfearos seach har skruten kommen,
knikte freonlik fan syn hege troan
en rikte har de septer oan,
dat Ester sykhelle ferromme.

Ester mocht har winsk nei foaren bringe,
ek al wie ’t de helte fan it ryk,
sy soe it krije as in blyk
fan trou, te sjen oan gouden ringen.

Ahasfearos liet him troch har noegje
mei syn tsjinner Haman oan it miel,
wer spriek de kening oer har diel,
hy wist dat sy har nei him foege.

Ester hat har earste winsk herhelle,
seach dat Haman fan dy eare glom,
tocht oan de delgong fan syn rom,
soe moarn oer ’t eigen folk fertelle.

* Giovanni Andrea Sirani (1610-1670)
Skilderij ‘Ester foar Ahasfearos’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum