Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stjonkende Poep

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

It waaide dat it rikke
op ‘e Pikmar en de Ie,
de iene skipper wist gjin rie,
de oare soe ’t him flikke.

Twa skûtsjes debutearren,
elkenien seach nei Langwar,
de Poep* kaam wer op poel en mar,
foarhinne heech wurdearre.

It skûtsje liet him rûke,
want de Poep lei earst foaroan,
mar foar de liuw wie ’t net bedoarn,
hy soe de stank ûntdûke.

Image

De Pan siet mei syn izer,
foaroan âld en achter nij,
mar foaroan wie der net mear by,
as achtste de ferliezer.

Image

* De Poep wie it skûtsje fan Jan Sietema,
ek wol Jan Poep neamd

admin

Brûze op lân

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

It moast wol heve, ’t koe net oergean,
twa jier lyn kaam al de hint:
foar Grou in skûtsjemonumint,
stiel op ’t wetter, brûns op ’t lân.

Wat yn de skiednis wie, moast trochgean:
skûtsjes sylden earst op Grou
en bleauwen oan tradysjes trou,
striid op ’t wetter, feest op ’t lân.

Wa’t stiel ha wol, moat ta de bûse,
mar it brûns hat ek syn priis,
wol santichtûzen, ’t is in griis
foar in skûtsje op it lân.

De Grousters lieten sinten brûze,
’t kampioenskip joech de wink,
mar foar de G wie ’t âlde Mink*
dy’t it heve liet op ’t lân.

Image

* Joop Mink, âld-skipper fan Grou

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum