Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dwerch nêst reus

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

It binne reuzen yn de start,
ticht byinoar, de striid foar ’t plak
om earst útein te setten;
it fjild is lyts, de streek is koart,
by ’t knallend skot de skoaten strak,
de wyn en weagen komme letter.

Doarp Grou knypt ûnder elk skip wei,
mar sylt de waring noch net fol,
de swurdeman wol wetter;
Wâldseins posysje liket faai,
dêr komt de griene harsens al,
De Lemmer hat syn eigen wetten.

Image

De twirre falt der fleanend yn,
de wegen batse tsjin it board,
de swurdeman hat wetter;
Doarp Grou krijt nocht oan dizze wyn,
wurdt fierwei earste fan de float
en kin de wimpel hast besette.

Wâldsein syn reus leit ek al fêst,
besylde hjoed it fjirde plak,
sjedêr de dwerch dernêst.

Image

admin

Sittend sjen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2001

Image

Dêr sit er, Ulbe Zwaga,
mar net op it roer;
de hannen dy’t him jokje,
lit er hjoed net sjen,
foar him is ’t silen oer.

In knoop kaam yn de mage
nei in klapke tsjin
it kontsje fan De Jouwer;
skea wie net te sjen,
foar Ulbe wiisde ’t min.

Sy steane sûnder fragen
mei in antwurd klear:
de flagge oan it stokje,
foar in elk te sjen,
de Pan krijt hjoed de ear.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum