Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liuwen yn de koai

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Sjedêr, se lizze oan ’t Rokin
yn plak fan yn de Prinsetún,
se sizze: hjoed hat it wol sin
yn ’t lân fan polderdyk en dún.

Se lizze inkeld foar de toai
mei flaggen en elektrysk ljocht,
it binne liuwen yn de koai,
want skûtsjesilen is har nocht.

Unmooglik yn in smelle grêft
dy’t twirret fan ’t Oranjefeest,
de Fryske romte jout de krêft,
gebouwen meitsje har ta beest.

Lit sakje al dat tinne doek
en hysje op ‘e mar it seil,
hâld yn it eigen lânskip hoek
en winskje ’t prinslik pear it heil.

admin

Lekke foar it houlik

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Dêr fart er brûzjend, ’t is Wâldsein,
de kop spat weagen stikken
op it binnenwetter fan Langwar,
de oaren lykje al ferslein,
mar soe Wâldsein it doel berikke?

Kom, skûtsjes, nei it houliksfeest,
de prins wol sjen dy skippen,
mar it bûtenwetter is gjin mar
dêr’t Fryslâns binnenskip oer racet,
hoewol de rûte ken gjin klippen.

Dêr skokt Wâldsein nei Amsterdam,
wylst klinken stikken brekke
troch de weagen fan de Iselmar;
Wâldsein leit no ferslein en lam
en mei foar ’t prinslik houlik lekke.

Mar sjoch, it folk fan Medemblik
wol foar Oranje laskje,
dat Wâldsein bestiet wer út ien stik.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum