Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Feest foar letter

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

It bowlingsintrum wie it plak
foar ’t skûtsjefeest, in fêste regel,
hoewol’t de baan wie smel en flak,
gie ’t op dy jûn net om de kegel.

Fiif manlju spilen yn ’t orkest
de kegels fan de rûne skonken,
net ien kear klonk der in protest,
der waard op it ferline dronken.

Image

De Snitser Pan socht leaver ’t heil
yn ’t silen op it wide wetter:
foar ’t lichte waar in holler seil,
dus gie it om in feest foar letter.

Fûl smiet de Pan him yn de striid,
in feestlik oansjen sûnder kegel:
Ahoy De Lemmer, wol betiid
seach elkenien de Snitser spegel.

admin

Stielen fangst

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Wâldsein moast oer de Iselmar
om ’t prinslik houliksfeest te fieren
mei in line ûnder ’t flak
foar fêste swurden, iel en skar,
se hoegden net in net te hieren.

De Iselmar brocht ûngelok,
gjin fisk woe yn de line bite,
mar wol rekke ’t skûtsje lek,
der wie net sprake fan in flok,
it feest gie troch, dus gjin ferwiten.

Wâldsein foer wetterticht werom
mei ûnder ’t flak deselde line
foar it twadde fiskersfeest;
in Iselmarfisk is net stom,
wol him net oan in skûtsje bine.

Wâldsein kaam út it wetter wei
mei oan de swurden noch de line
en as fangst in glêde fyts;
de fiskers hiene harren dei:
mei ’t fytsstiel ’t lekke skip ferbine.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum