Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kening Willem I

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

In hearsker stribbet nei noch mear,
mei minder kin er dochs net ta?
Hy wol gjin tsjinspraak, dus no sa!
It hiele ryk sprekt ta syn ear.

Mei ien frou koe de foarst net ta,
oan ’t hôf liet har in dame sjen
dy’t goed wie foar wol fjouwer bern,
mei blau bloed fiif derby, no sa!

In lân fan sân wie him te min,
der moasten mear provinsjes by,
mei ’t suden waard de steat as nij,
doe wie ’t de foarst wol nei it sin.

De foarst? It moast noch hegerop,
de keningstitel soe it dwaan,
hy woe himsels dy eare jaan,
sa kaam er strieljend oan de top.

De hannel siet him yn it bloed,
miljoenen streamden yn de kas,
it kaam de kening goed fan pas,
wylst earmen sieten djip yn noed.

Net sunich spile ’t suden op,
troch revolúsje waard it frij,
’t oermjittich stribjen wie foarby,
foar kening Willem wie ’t in strop.

Skilderij ‘Kening Willem I’

admin

Europeesk kaartspul

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Baptiste Isabey*

Yn Wenen waard it kaartspul skodde
foar de kening, net foar frou of boer,
de ruten iepen nei Europa,
alle herten koene dêr wol oer,
de klavers bloeiden yn de greiden,
mar de boer kriich inkeld skoppen.

Napoleon koe it wol skodzje,
earst op Elba, Sint Helena doe,
foar him gjin rút mear nei Europa,
al hoe graach hy dat ek wolle soe,
gjin hoanne dy’t dêr nei him kraaide,
wol de boer, want dy moast bodzje.

Image

Yn Wenen wiene diplomaten
foar breed oerlis hoe’t it fierder moast
mei alle grinzen fan Europa
neffens nocht en rjocht fan elke foarst;
gjin kneppel dy’t oer hollen swaaide,
want elk hie de bêste kaarten.

By ’t kaartspul waard net inkeld praten,
tûzen dûnsers stampten oer de flier
ta ’t grinsleas heil fan hiel Europa;
buken bollen fan de wyn en ’t bier,
yn ’t pismiel koene hûnen baaie,
mar de boer hie minder baten.

* Jean Baptiste Isabey (1767-1855)
Tekening ‘Kongres fan Wenen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum