Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Achter de rêch

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De rêch fan Peter* knapte op
doe’t Baint** it roer yn hannen hie
op ’t rûge wetter fan de Fluezen,
it duo kaam dêr foar de trie,
De Jouwer lei op ’t lêst op kop.

De hân fan Jitze*** kaam yn ’t gips
nei ’t ûngemakje op Wâldsein
doe’t briek ien fan syn fingerbonkjes;
de dokter hie him rêst oansein,
hy sei: ‘Ik syl op myn Philips.’

Dêr sit er achter Ymes**** rêch,
dy’t hieltyd fielt it hurde gips,
want Jitze kin it wier net litte:
de hân krijt fan de holle tips,
it duo hat de ein yn ’t each.

Image

* Peter Syperda
** Baint Kramer
*** Jitze Grondsma
**** Yme van der Meer

admin

Yn, troch en mei de kop

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Wat soe der yn de kop omgean
op weagen dy’t op boegen batse…
fjirtjin koppen dy’t op barsten stean
fan spanning om sa fan te kotsen.

De kop derfoar, net achter lâns,
sa sjit it troch de kop fan Douwe*,
earst de bakboardslach, dan is der kâns
oer stjoerboard, lit de Pan mar sjouwe.

De float oer bakboard sjocht de kop
fan Douwe, earst strak spand, dan laitsjend,
want hy sylt oer stjoerboard al foarop,
gjinien kin him de kop gek meitsje.

’t Is ien slach dy’t de trochslach jout,
dy’t moarns al yn de kop om spile,
as dy slagget, dan giet neat mear fout,
in kwestje fan mei ’t kopke sile.

* Douwe Visser

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum