Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It hôf fan lusten

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Jeroen Bosch*

De romte is yn trijen dield:
twa streken mei in klear gefoel,
de tredde dêr’t it pynlik fielt,
de djipte fan de helske poel.

Image

Yn ’t paradys koe ’t ierdske bleat
gjin kwea, want alles wie út ien
en dier en minske hiene neat
yn ’t sin wat oergie nei wer ien.

Image

Wat earst sa klear as wetter wie,
rûn út op ’t spul fan split en spear;
de minske brûkte ’t dier en gie
syn gong op wei nei krús en klear.

Image

De trochgong nei it tsjuster gat
wie glidend oer it glêde fel;
it dier gie oer it minsklik lot
en liet him lije yn de hel.

Image

It read komt net mear fan it fjoer,
mar ljochtet him útnoegjend by
troch ’t hôf fan lusten en ’t giet oer
yn’t paradys dat bloeit opnij.

Image

* Jeroen Bosch libbe fan sirka 1453 oant 1516.
Hy krige de earste lessen fan syn heit,
dy’t as skilder en glesker belutsen wie
by de bou fan de Sint Jan fan Den Bosch.
Jeroen Bosch is bekend wurden as de skilder
fan it absurde: de minsklike dwaasheid
en de duvelske ferskrikkings.

admin

De hillige Sebastiaan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vincenzo Foppa*

Image

Sebastiaan, it is miskien net aardich,
mar se ha dyn libben ris beskreaun
en neamden dy doe stikelbaarch.

Wat jierren letter, yn de Renaissance,
ha se fan dyn neaken lichem preaun
en krigest as model de krânse.

Dyn eigen folk hat dy ta wapen makke,
kristenpylk yn ’t Gryksk-Romeinske lichem dreaun;
wa is de sterke, wa de swakke?

Image

Do silst mar in gewoane puber wêze
en god Diocletianus jout befel
om dy fan ’t leauwen te genêzen.

’t Resept: de pylken fan de bôgesjitter,
flitsend en dan boarjend troch dyn jongesfel,
mar fynst it medisyn echt bitter?

Dyn rjochterear heint lûden út ‘e fierte
fan in wolk, do witst, dyn plak is net de hel:
de palm sil yn dyn siele sjitte.

Image

Wol frjemd dat hjoed de dei
de moslimterrorist
mei bomklap op it fel
gjin ierdske hertslach mist,
foarbyfljocht oan de hel
en fynt de himelwei.

* Vincenzo Foppa wie in skilder út Noard-Italië
dy’t in atelier hie mei in skoalle fan learlingen.
Om’t Sebastiaan berne wêze soe yn Milaan,
waard er foaral yn Noard-Italië as martler fereare.
Vincenzo Foppa krige dêrom faak opdrachten
om him te skilderjen. Dat liet er meastal oer
oan ien fan syn learlingen. Nei alle gedachten
is ek dit skilderij net troch himsels makke.

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum