Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reidsjongerke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se kamen mei in brede wjukslach,
saaiden op ‘e lampen del
en skieten dy mei flutswyt ûnder,
seagen op it libbenslytse del
en skôgen op harsels foar wûnder.

Image

De eachopslach wie lykwols sûnder
skerpte yn it reidfjild op,
sy moasten ’t ha fan ’t wide eachweid,
draaiend mei har eigenwize kop,
net wittend wat stil siet yn ’t weachreid.

Doe klonk hiel sêft de earste kielslach
fan it sjongerke yn ’t reid,
noch jong, foar ’t libben ûnbefongen,
ûnbekend mei wat út hichten saait,
stil harkjend hoe’t de âlden songen.

Image

 

admin

Alderplicht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hoe lang fielt men de âlderplicht
en ropt om op it paad te bliuwen
fan jongsôf nei folwoeksenheid,
earst dan op wjukken fuort te driuwen.

It jong hat lang noch net it sicht
op alle risiko’s yn ’t libben
en heart net nei wat wiisheid seit,
hat jong al mei de âlders kribbe.

Sa rûn er op syn eigen paad,
want eigen wiisheid soe him wize
it plak fan de ûneinichheid,
dêr koe syn ego loftheech rize.

Image

Mar út ‘e hichte kaam it skaad
fan wêr’t syn âlders him op wiisden,
syn ego kromp ta lytsichheid,
in griisbûnt protsje siet te grizen.

Hoe soene âlders net de plicht
mear fiele om by need te roppen,
sels middenyn de puberteit,
al kribje se mei hjitte koppen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum