Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Alexander fan grut nei swak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Gjin grutter foarst as Alexander,
de ein wie dêrfan wei,
syn legers teagen oer de ierde,
loeken reade spoaren mei,
de folken moasten bliede.

Heechmoedich waard de grutte kening
as hearsker oer in ryk
dat grinsleas lei oer hiel de ierde;
de Griken hiene grut gelyk:
de folken moasten bliede.

Gjin swakker man as Alexander,
syn wei rûn nei de ein,
dus moast er fan de ierde skiede;
troch de eigen lea ferslein,
moast hy syn macht ferspriede.

Byld ‘Alexander de Grutte’

admin

Daniël en de draak

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

De kening eare ek de draak,
dy’t yn Babylon as ôfgod libbe,
Daniël kriich doe deselde taak,
mar gie foar him net troch de knibbels.

Image

Hy makke boltsjes foar it bist:
pik en fet en hier, ’t wie net te iten,
fuorre doe de ôfgod mei in list,
de knal klonk troch de hiele krite.

Twa goaden dea, it folk wie poer,
balte revolúsje mei ien mûle,
dat de foarst besleat ta minskefoer:
de ôfgodsdeader yn de kûle!

Gjin liuw kaam Daniël tenei;
nei de kûle moast wol bôle komme,
Habakuk fleach mei de ingel mei,
de liuwen seagen ’t oan, ferstomme.

Image

De foarst kaam op ‘e sânde dei…
yn de rou, mar Daniël wie like
libben as tefoaren, gie syn wei
rjochtop en sûnder ôf te wiken.

* Yllustraasje ‘Daniël, de kening en de draak’

** Yllustraasje ‘Daniël, de ingel en Habakuk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum