Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swiere sier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy sloep by ’t stille wetter lâns
dy earste kleare nacht
en kaam der net oerhinne,
naam de boppegraad yn acht,
mar wachte op syn kâns.

Image

Doe sloech er ta, noch net mei macht,
it reid bleau yn balâns,
mar ’t wetter wie bestjurre.

Gjin noed noch foar de âlde beam,
dy’t skean stie nêst de sleat,
syn stam soe it wol hâlde;
mei syn taaie tûken bleat
fersonk er yn de dream.

Doe striek de wyn oer ’t wetter, skeat
de drippen yn it neat
en sierde swier de stâle.

Image

admin

Opfallend

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa wit it nut fan kleure bollen,
bloeiend troch it hiele jier,
want winterfêst
beskerme achter hout en trie;
is ’t foar de sier,
de klim, de sprong,
wa wit om op te fallen.

It falt wol op, dêrachter rinne
markols yn in kâld kontrast
mei fêste bloei;
se frette har rap winterklear
en is de bast
bol, barstend fol,
dan sil it barre kinne.

It bart net faak, it lette bloeien
fan in roas, ryp foar de fal,
fêsthâldend wol,
in glim noch fan de sinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum