Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rikke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie mei ’t heechste fan de sinne
op in moaie simmerdei
doe’t ik se rikken seach.

Se stiene tusken kadestiennen
by de brêge oer de grêft
te sjen mei mannich each.

It stribjen wie no ienkear winne,
hegerop by ljochtskyndei,
wat fleach waard sjoen as pleach.

Image

Doe kaam in skûtsje troch de brêge,
’t makke oan de kade fêst
en ‘k seach it daliks al.

De stâlen rjochten rap de rêgen
wylst de eagen skeaten fjoer
en ’t kroanblêd krôle bol.

It waard wer ien fan harren pleagen,
’t fleugelfleanen op ‘e mêst,
no rikt elk foar de lol.

Image

admin

Troch de tiid rûn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De loft is klear mei rûne koppen,
driuwend op in bolle wyn,
dy’t falt op al wat rûn is,
silend ek as lang ferlyn
en alle seine komt fan boppen.

De tiid giet troch en rjocht nei foaren
fan de dei oer yn de nacht,
gjin oere dy’t ea bûn is
oan de minske fan ‘jou acht’,
wat hjoed wie, dat is moarn feroare.

De loft is skier, mei wolken proppe,
ûnder bôgen rûn te sjen,
de poarte dy’t hjoed skûl is,
sjocht nei wat der barre kin,
dat alle seine komt fan boppen.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum