Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Driging

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De nacht wie nei de moarntiid rûn
en ’t soe in wrâld fan frede wurde
mei ’t ûnskuldich wyt
fan naasjes oaninoar ferbûn
mei withoefolle wiffe wurden.

De moarn kroep stadich oer de kym
en ’t wyt woe mar net witer wurde…
wie ’t de ûnskuld kwyt?
Gjin sier fan beammen tsjok fan rym,
gjin inkeld rym waard fûn yn wurden.

Ynienen rûn de spanning op,
it silhûet fan de raketten
boppe ’t skuldich swart
wie yn dy moarn de oarlochsrop
fan Noard-Korea’s hege petten.

Image

admin

Portret fan in ieu

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
It is har lang net oan te sjen,
wol âld, mar altyd mei de driuw
aktyf op knibbels by de plinten lâns;
salang as ’t lichem it noch kin,
hâldt sy de geast ek yn balâns:
in libben fan sawat in ieu.

De tweintichste lei achter har
mei aloan rapper troch de tiid,
mar oma’s hannen breiden stadich troch
en rekken triedden yn de war
troch krisis, krupsje, jierren striid,
dan wie har memme-earm der noch.

Doe kaam de tiid dat elke plint
te leech lei foar de knibbelskiif,
sadat de opstapstoel har foarlân waard;
se woe net ha lykas it rint
by ’t stiver wurden fan it liif,
it lei net yn har âlde aard.

Fan dei en oere wit sy net
mear no’t foargoed it triewurk leit,
lykwols de ieu stiet klear op it portret.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum