Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De hoeder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In hoeder hat allinnich each
foar skiep dy’t mei him rinne,
hiel syn keppel, weach nei weach.

Bûn oan de hoeder is de hûn
dêr’t skiep net sûnder kinne,
giselkammeraat yn ’t rûn.

Wol is de hoeder solomins
mei bisten dochs allinne
op ‘en paad fan tins nei wins.

De keppel hat dat ek wol troch,
de hûn lûkt dêr ek hinne
mei de skiep yn ’t rûn en sjoch…

… de hoeder hat allinnich each
foar ’t duo yn de sinne,
finzen yn it skieppereach.

Image

admin

Hoannebiter

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Mei brede wjukslach sweeft er oer it gea
en lit him driuwe op termyk,
de hoannebiter,
soms stiet er stil as yn de bea
foar wat er sjocht as libben lyk,
hy hat se faak te fiter.

Foar mûs en pykje is er in gefaar
wannear’t er oer de greide saait,
rap op har miter,
hy hakt se hastich ta tartaar,
gjin hoanne dy’t nei ’t hapke kraait
fan fijân hoannebiter.

Mei minskefijân kin de swever neat,
dy fynt syn rôversaard en -dûk
gesoademiter,
hy kriget fûgelfrij as steat,
in kleur noch swarter as de roek,
de wiffe hoannebiter.

En as de fijân dan net klimme kin
foar ’t skeinen fan syn hege nêst,
dy bangeskiter,
dan is de brek yn ’t glês te sjen,
hy lit syn byld net iens mei rêst,
de brutsen hoannebiter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum