Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De wiersister

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lucas van Leyden*

Image

Sy leauden hillich yn Marije,
stieken har fier boppe froulju út,
mar seagen op har eigen libben del
dat leechlein waard as inkeld lijen,
foar de duvel as te gripen bút
mei as beslút de hel.

Dêr sit se dan as wie ’t Marije,
’t antlit wyt en op it boarst in krús,
de skurte fol ferwachting, strak de bân.
Wa mei har sa net sjen en lije,
want sy bringt ús út it lijen thús,
de takomst yn de hân.

Sy leauwe ’t leafst yn twa Marijes,
beide sizze wat is wis en wier
oer hoe’t har wiffe libben fierder rint,
want hjoed wurdt sein wat goed en nij is,
hel en duvel skele har gjin sier…
is hy it dochs dy’t wint?

* Lucas van Leyden (1494-1533)
wie grafikus en skilder.
Yn 1521 reizger er nei Antwerpen,
dêr’t er de ynfloed fan
Albrecht Dürer ûndergie.

admin

De hoeder

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

In hoeder hat allinnich each
foar skiep dy’t mei him rinne,
hiel syn keppel, weach nei weach.

Bûn oan de hoeder is de hûn
dêr’t skiep net sûnder kinne,
giselkammeraat yn ’t rûn.

Wol is de hoeder solomins
mei bisten dochs allinne
op ‘en paad fan tins nei wins.

De keppel hat dat ek wol troch,
de hûn lûkt dêr ek hinne
mei de skiep yn ’t rûn en sjoch…

… de hoeder hat allinnich each
foar ’t duo yn de sinne,
finzen yn it skieppereach.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum