Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bleke tradysje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie it buertsje tichtby ’t park
mei ’t romme útsicht oer de greiden,
foar de doar de griene bleek,
dêr’t libbe ’t folk mei deis it ark
en sneins de kuier nei de preek.

Hy libbe meastal sûnder frou
en hearde by de âlde garde,
fan berop de skildersbaas,
mei streek en kleur sekuer en trou
oan ’t sljochte folk fan Sjouk oant Klaas.

Dy moarn hie hy de wask al dien
en smiet it wetter út ‘e tobbe,
dat er skept hie út ‘e bak;
hy blikte skûlken op it grien,
beseach tradysje ek as fak.

Image

admin

Frij fette stêd

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Al fiifensechtich jier tradysje
mei it swartgiel tsjin it blau:
befrijing nei fiif jier yn ’t nau,
tenei in stêd fol mei ambysje.

Eartiids liet de stêd him jilde
mei it weagen yn de Waach,
nei boerebûter wie wol fraach,
dy’t Snits nei grutte hichte tilde.

De delgong kaam mei ’t Dútske stampen:
lege magen, hannen klam,
de âlde Waach yn fjoer en flam,
mar wol de ein fan alle rampen.

Al fiifensechtich jier tradysje,
mar de Waach yn nijbou set,
meikoarten goed foar in kroket,
in frije stêd fet fan ambysje.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum