Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Parallelle dream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Tusken ieuwenâlde muorren,
heal ferskûle achter ’t jonge grien,
stekt heech de mêst de fleugel op
yn konkurrinsje mei twa tuorren.

Langstme nei it wide wetter
waard betwongen, hy moast earst nei stien
en smelte, ’t heechhout foar de kop,
en dreamde oan de kaai oer letter.

Tusken ieuwenâlde muorren
hat er withoelang te dreamen stien
mei stive kop, de Levi’s slop:
hy seach him oan de skoaten skuorren.

Image

admin

Stroom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

As boppe Snitser mar en Houkesleat
it maitiidsblau begjint te strielen,
is gjin hertsear dat de stream noch keart,
de ieren troch is ’t bloed te fielen.

De stream fan ’t wetter fiert it skipsfolk mei
nei bûlevaren om te lizzen,
wylst de stêd lûkt harren derby wei,
de nacht hat ek noch wat te sizzen.

En as de holle op it kessen leit,
jout ek it bloed him del en streame
bylden oer de bûlevaar, ferklaait
de Houkesleat him yn de dreamen.

Hy kaam foar ’t sliepend folk al ier op stoom
en leit op knibbels, dat wer rinne
sil wêr’t elk ferlet fan hat, de stroom,
wat kin men sûnder him begjinne?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum