Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kallisto

Mytebylden

fan Hendrick Goltzius*

Kallisto wie as nimf in faam
en woe gjin omgong mei in man,
oan Artemis soe sy har wije,
as goadinne fan de jacht
mocht sy Kallisto’s kar wol lije.

It wie god Zeus dy’t by har kaam…
as Artemis, hy naam ’t derfan
troch mei Kallisto dochs te frijen,
dat sy rekke troch him swier,
dit feit mocht Artemis net lije.

Kallisto waard foar straf bearin
en kriich de hûnen op har ôf,
moast sa har tastân swier belije;
Zeus sloech op syn frijster acht,
sy soe fan him ferromming krije.

Kallisto skynde yn de nacht
as Grutte Bear, sy wie gjin frou
mear, manlju moasten har sa mije.

* Hendrick Goltzius (1558-1617)
Skilderij ‘Artemis ûntdekt dat Kallisto swier is’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum