Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wachtsje op eksekúsje

Lyrysk Deiboek

Hy spile net de haadrol,
mar hie wol de âldste rjochten,
om’t er dêr al langer stie
as wat gebou ek yn de buert.

In byrol yn ’t teater,
mar dy eask koe hy net jilde
litte, om’t er woartels hie…
stânfêstich stie er op syn plak.

Syn tûken liet er hingje
om te swypkjen op ’e twirren,
wat syn eigen keunstke wie,
’t kaam foar de haadrol yn it plak.

In krús kriich hy as teken,
wat er as wurdearring tsjutte
foar wat hy prestearre hie,
’t kaam lykwols del op… út ’e buert.

Noch wiken  moast er wachtsje
op ’t befel fan eksekúsje,
op it poadium in die
dy’t foar ’t publyk de spanning bringt.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum