Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Utsichttoer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
tiidsdei, 28 juny 2005

It gea is wiid, it útsicht fier
mei beide fuotten op ‘e grûn
en is de kym net al te skier,
dan fynt it each de Jouster toer,
de Gauster is noch tichterby,
sa sjoch ik faak it fjild ris oer
en ha ik dan de lytse rûte rûn
mei blinkend ljochtskyn oer de mar,
bedarje ik by klinkend stiel:
de útsichttoer by mar en Skar,
dêr’t ik it paad nei boppen gean,
as klimt mei ’t lichem ek de siel
de hichte yn, dêr’t ik no stean
as fûgel, wachtsjend foar de flecht,
noch efkes toevje en ik flean
oer wetter, glêder as flewiel,
de reidseam oer, foar ’t each wol hecht,
net heech, flean ik oer ’t lege fjild
en azemje op suchtsjes wyn
de freugde fan de frijheid yn,
foardat de sinne wiist it paad
om del te kommen op ‘e kym,
dêr’t by it fallen fan de jûn
ik mei in reade kleur wer stean
mei beide fuotten op ‘e grûn.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum