Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stil proses

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It riedsel fan in frjemd proses:
de oanrin op ‘e tsjillen,
de sprong omheech en fier
en dan de delgong en de crash.

Image

Gjinien wit fan hoefolle bier
de oarsaak wie fan wille
en sweve withoefier,
ferbaal geweld en oan de haal.

De plysje wie goed by de les
en koe de klep wol tille,
mar miste it ferhaal
fan oanrin, sprong en stjerrrend wier.

Image

Dus kaam der gjin proses-ferbaal
en rûnen sy as stille
betinkers fan wat wie
mei op papier kentekentaal.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum