Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skye en dope

Lyrysk Deiboek


Der is wol kar om te parkearen:
links ôfslaan of leaver mar rjochttroch,
it antwurd op wêrhinne,
wurdt hjir oanjûn… sjoch…

De iene pylk ferwiist nei’t skyen,
mar wol oars as by de hichte del,
it giet oer ’t wetter hinne,
fleane op bestel.

De oare pylk wiist op in tsjerke,
dy’t it folk hjoed opropt ta de doop,
dêr kin men net omhinne,
want sa is der hoop.

De skyers bliuwe mei de holle
boppe wetter, ek al giet it mis,
it doopfolk dûkt derûnder,
fan har heil al wis.

Related Posts

Archief

Zoeken

  • Categorie

  • Datum