Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sinnekrêft

Lyrysk Deiboek

Watfoar krêften hjir ek spylje,
slacht de kroan foar master op
om yn de hiele wrâld te hearskjen,
diktatuer dy’t tsjin de frijheid striidt,
ferwachtsje dan in oare tiid.

As de dize nei it tsjuster
hingjen bliuwt, gjin útsicht op
de himel jout, oer ’t minskdom hearsket,
sa dat men net mear foar frijheid striidt,
ferwachtsje dan in oare tiid.

Ha fertrouwen yn freon sinne,
dy brekt troch en rêdt it op
om hiel de wrâld yn ’t ljocht te setten,
dat yn stroom feroaret, wiid en siid
ferwachtet men in oare tiid.

Watfoar krêften hjir ek binne,
lit de kearnkrêft leaver op
de sinne bliuwe, dy’t ferljochtet
mei syn strielen Lankhorsts sinnepark,
yn plak fan tou paniele-ark.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum