Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de tonger

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

 

Nei’t justerjûn de tonger
oerenlang de loft besloech,
dêr’t skril de flitsen spatten,
rint de moarntiid, noch wat rûch,
mei my de dyk del, sjongend
fan in langstme nei it blau
fan ivichheid as gatten
tusken wolken, God syn spoar
de hichte yn, foar eagen
net te folgjen, dêrom sjou
ik fierder mei de strielen
yn de rêch en ek de smoar
yn om de wiete segen
dy’t de eagen sakje lit
oant op it gers dêr’t giele
blommen bloeie, achtergrûn
foar ’t blau, de ierdske wegen
dy’t begeanber binne, dit
is ’t ljochtsjen nei de tonger.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum